UNIS Flyers begjint bekerkompetysje mei winst op Tilburg

30 sep 2017 - 22:15
Foto: Martin de Jong

De UNIS Flyers binne de nasjonale bekerkompetysje goed begûn. Op Thialf waard der mei mar leafst 8-1 wûn fan de Tilburg Trappers. Grutte man oan de kant fan de Flyers wie Marco Postma dy't fjouwer kear skoarde.

Prima start

De Flyers giene goed fan start. Yn de earste perioade wie it Marco Postma dy't de 1-0 makke. Noch gjin minút letter fleach ek de 2-0 deryn doe't Bouten skoare koe op in assist fan Janssen. Tilburg die wat werom nei minne kommunikaasje achteryn by de Flyers. Adam Bezak brocht it ferskil krekt foar it skoft wer op twa sadat de tuskenstân 3-1 wie.

Utblinker Postma

Healwei de twadde perioade makke Postma syn twadde fan de jûn. Fierder moast keeper Honebeeke fan de Flyers in pear kear yngripe, mar hy die dat prima. It duel gie dêrnei op en del en wie foar de taskôgers op Thialf bêst aardich om te sjen. Yn de tredde perioade rûn Flyers fierder fuort troch goals fan de Fin Pippo Limnell, Kevin Nijland en noch twa goals fan útblinker Marco Postma.

Minút stilte

De wedstriid begûn mei in minút stilte ta oantinken oan Odette Noom. Sy wie troud mei Marc Koperdraad en tegearre ha sy in soad betsjutten foar benammen it jeugdiishockey op It Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)