Snits Wyt Swart wint Fryske derby tsjin VV Hearrenfean

Logo VV Snits Wyt Swart © Omrop Fryslân
Snits Wyt Swart hat sneon mei 1-0 wûn fan VV Hearrenfean. De wedstriid siet fol striid en spanning, mar it nivo wie net al te heech. Gerben Visser wie de matchwinner yn de Fryske derby yn de sneinshaadklasse, dy't sneontejûn al spile waard.
Penalty
It earste kertier wie it inisjatyf foar de thúsploech mar folle smiet dat net op. VV Hearrenfean kaam better yn it duel, en nei in healoere krigen de Feansters in penalty. Keeper Klaas Boersma waard de grutte held fan Snits troch de ynset fan Peter de Vries te pakken. Noch gjin minút letter wie der oan de oare kant fan it fjild in grutte kâns foar Van der Pol, mar de Snitser hie it fizier net op skerp stean. Ek in skot fan Kuiper fan Hearrenfean gie mar krekt njonken. Sadwaande stie it by it skoft 0-0.
Frommelgoal
Nei seis minuten yn de twadde helte kaam de thúsploech op foarsprong. Gerben Visser frommele de bal út in frije traap efter keeper Justin van der Dam, dy't de bal noch wol rekke. Beide ploegen krigen dêrnei noch wol kânsen, mar der kamen gjin doelpunten mear yn Snits. Snits Wyt Swart stiet nei de twadde oerwinning fan it seizoen op in sechsde plak mei sân punten, mar de oare ploegen yn de haadklasse spylje snein pas. Hearrenfean bliuwt troch de nederlaach lêste mei ien punt.