Roeister Aletta Jorritsma fiifde op WK roeien

30 sep 2017 - 21:31
Aletta Jorritsma

In fiifde plak foar Aletta Jorritsma op it WK roeien. Op it ûnderdiel fjouwer-sûnder siet der krekt gjin medalje yn foar de roeister út Tsjummearum.

Yn de race oer twa kilometer leine de Nederlânske froulju, mei neist Jorritsma ek Monica Lanz, José van Veen en Lies Rustenburg yn de boat, lang op kop. Spitigernôch koene de froulju dat net fêsthâlde. Nei 1700 meter moasten se de lieding ôfjaan. Australië pakte úteinlik de wrâldtitel, foar Poalen en Ruslân.

Trefwurden: 
roeien WK Aletta Jorritsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)