Dútske stoomploech op Flaeijelfeest yn Nijhoarne

It Flaeijelfeest yn Nijhoarne is al jierren in begryp yn Fryslân. Lykas alle jierren stie it feest ek dit jier wer yn it ramt fan 100 jier ferlyn. Om't dit ek de perioade is wêryn't spesjale stoomploegen yn de lânbou brûkt waarden, wie der dit jier in stoomploech út Dútslân helle.
3 jier wachtsje
It is in enoarme operaasje om dizze masines út Dútslan wei hjir hinne te heljen. Der wie spesjaal transport nedich om de 20-ton swiere stoommasine nei Nijhoarne te bringen. De organisaasje wie der dan ek al trije jier mei dwaande. "Dit is de grutste wurkjende stoomploech yn Europa foar safier wy witte. Der binne der wol mear, mar dat bin Ingelske stoomploegen. Dit is in echte Dútske stoomploech. Dat is unyk." sa seit Robert Jongbloed fan de organisaasje.
115.000 Dútske Mark
Oant 1950 waarden dizze stoomploegen brûkt yn Beieren. It wie allinnich gjin goedkeape masine. In stoomploech wie doetiids sa'n 115.000 mark wurdich, wat delkaam op 4600 kilo weet. In priis dêr't je yn dy tiid ek in folsleine pleats fan keapje koene.