'Lekkum Leeft' moat ferieningslibben boost jaan

30 sep 2017 - 19:39

Nettsjinsteande it minne waar hawwe de doarpen Lekkum, Miedum en Snakkerbuorren sneon in spesjale ynformaasjemerk organisearre. Doel is om it ferienings- en bedriuwslibben yn de doarpen in boost te jaan. It ferieningslibben yn de doarpen hat bot te krijen mei ôfname fan it tal bestjoersleden. Mei it yn kontakt bringen fan sawol bedriuwen as ferieningen mei de ynwenners fan de Ljouwerter wyk Blitsaerd en de trije doarpen hoopje de organisatoaren dat tsjin te gean.

Doarpsbelang

It evenemint krige finansjele stipe fan it doarpsbelang. Ek it ûndernimmersfûns, doarpshûs en it Iepen Mienskipfsûns droegen by oan 'Lekkum Leeft'. Bedriuwen of ferieningen koene sneon fergees in berop dwaan op in kream. Ferienings as de havenkommisje, iisklup, keatsferiening Reitsje Him mar ek lytse bedriuwen koene harsels presintearje.

It tal besikers foel troch it wiete waar in bytsje ôf mar dochs is de organisaasje tefreden mei it evenemint. It sil lykwols nei alle gedachten gjin ferfolch krije. "We wilden één keer wat betekenen voor de dorpen, verenigingen en bedrijven in contact brengen met de inwoners. We hopen dat dit gaat helpen," sa seit ien fan de inisjatyfnimmers, Frans Romkes.

Trefwurden: 
Lekkum Leeft Lekkum
(Advertinsje)
(Advertinsje)