Judoka Margriet Bergstra pakt Nederlânske titel

30 sep 2017 - 19:27

Judoka Margriet Bergstra is sneon Nederlânsk kampioen wurden. Yn de klasse oant 57 kilogram wûn Bergstra oertsjûgjend fan tsjinstanner Nadiah Krachten. De 24-jierrige Lemster makke yn de finale in ippon. Dermei wie de wedstriid yn ien kear klear. 

Nei de finale wie Bergstra net iens hiel bot út de skroeven: "Ik ha koart ferlyn noch op it WK judo meidien. Dêr lei ik der nei 26 sekonden al út. Ik hie leaver op dat toernoai wat better prestearre." Dochs koe Bergstra efkes letter al wol genietsje fan har Nederlânske titel en in goed toernoai. 

Sanne Vermeer

Sanne Vermeer út Stiens moast sneon har titel ferdigenje yn de klasse oant 63 kilogram. Dat slagge har net. Vermeer helle wol de finale, mar dêryn wie Iris Iwema mei waza-ari krekt te sterk. Vermeer wie fansels teloarsteld, mar koe goed libje mei har nederlaach: "Ik heb voor mezelf een goede pot judo laten zien. Dat er dan niet meer inzit, is niet anders. Ik ben tevreden met deze prijs." 

Wytze de Jong

Ek foar Wytze de Jong út Dearsum wie der in sulveren medalje. Yn de klasse oant 73 kilogram ferlear hy mei in saneamde 'golden score'. 

(advertinsje)