Ynsammelaksje foar muzykferiening Op Maat yn Berltsum

30 sep 2017 - 19:14

Yn Berltsum hat sneon in grutte ynsammelaksje west foar muzykferiening Op Maat. By in grutte brân yn july giene alle ynstruminten en it muzykgebou ferlern. Om yn elk gefal nije ynstruminten keapje te kinnen waard sneon dus jild ynsammele.

"It jild wurdt benammen brûkt om slachwurk foar de drumband te keapjen en we moatte ús muzykbiblioteek wer opbouwe. Mar we hawwe ek nije unifoarmen nedich," sa seit foarsitter Joop Akkerman fan de muzykferiening. "Sjoch, tsientûzen euro liket in hiel soad jild, mar je kinne der krekt fjouwer bûgels fan keapje. Der moat in hiel soad jild komme om alles wer sa te krijen sa't wy it hiene."

De dei begûn sneontemoarn mei in kuiertocht troch it doarp en waard jûns ôfsletten mei in taptoe.

Trefwurden: 
Op Maat ynsammelaksje
(Advertinsje)
(Advertinsje)