Follybalfroulju nei finale EK

De Nederlânske follybalfroulju, mei Marrit Jasper fan Snits, hawwe de finale fan it EK berikt. Yn Bakoe waard yn de heale finale mei 3-2 (20-25, 25-19, 25-19, 25-27, 15-12) wûn fan Azerbeidzjan. De oare heale finale giet tusken Turkije en Servië.
Nederlân like de wedstriid al yn de fjirde set te beslissen, mar de froulju koene in foarsprong fan 17-10 net oer de streep lûke. Yn de fiifde set moast Jasper, dy't gjin basisplak hat, fan 6-6 ôf trije kear servearje. De finale is snein om 5 oere middeis.