De Kollumer Koerier freget fallisemint oan

30 sep 2017 - 18:34
Fallisemint - Foto: Omrop Fryslân

De Kollumer Koerier út Kollum sil moandei it fallisemint oanfreegje. Dat die sneon bliken op in gearkomste mei it personiel. It koeriersbedriuw koe gjin oplossing fine foar finansjele swierrichheden. De Kollumer Koerier waard yn 1994 oprjochte en waard yn 2016 noch nominearre foar de ûndernimmerspriis.

Hoe heech de skulden fan it bedriuw binne, is net bekend. Der wurkje op it stuit sa'n 60 minsken by de Kollumer Koerier, wêrfan der ûngefear 50 yn fêste tsjinst binne. Neffens belutsenen is de kâns op in trochstart lyts en sil de rjochtbank it fallisemint tiisdei útsprekke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)