Shorttrackers diskwalifisearre by ôflossing WB Boedapest

© www.fotopersburomartindejong.nl
Gjin sukses foar de ôflossingsploegen by de wrâldbeker yn Boedapest. By de manlju (Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat en Dylan Hoogerwerf) waard Sjinkie Knegt hindere troch in Hongaar doe't hy yn fjirde posysje lei. Dêrnei koe de ploech in goede klassearring wol ferjitte.
Ek de froulju (Suzanne Schulting, Jorien ter Mors, Lara van Ruijven en Yara van Kerkhof) rêden it net op. Sawol de manlju as de froulju krigen úteinlik in penalty fan de sjuery wêrtroch't se de B-finale net ride meie.