Redbad werom yn Fryslân

30 sep 2017 - 17:54

De ploech fan de film oer de Fryske kening en leginde Redbad is dizze dagen delstrutsen yn natuergebiet de Alde Feanen. Dêr wurde ûnder oaren spektakulêre opnamen makke fan fjochtsênes. De opnamen wurde op ferskate lokaasjes makke lykas yn Denemarken, op It Amelân, by Bakkefean en by Eindhoven.

Yn totaal steane der 45 draaidagen op de rol. In grut tal hynders en hûnderten figuranten dogge oan de opname mei. De film komt takom jier yn de bioskopen. Op hokker datum is noch net bekend. De film wurdt produsearre troch Klaas de Jong, dy't ûnder oaren ek Michiel de Ruyter en de Kameleon op syn namme hat.

Trefwurden: 
Redbad film Alde Feanen
(Advertinsje)
(Advertinsje)