Aaisikersklup Moarns Ier is net mear

De âldste aaisikersklup fan Fryslân, Moarns Ier fan Reduzum, is net mear. Sneon wie it ôfskied fan de klup dy't al 125 jier bestiet. It feit dat it aaisykjen ferbean is de reden dat de leden der gjin heil mear yn sjogge.
It docht de aaisikers bot sear dat se yn harren jubileumjier opdoeke moatte. Se fine dat de Fryske tradysje stikken makke is en dat aaisikers just goed binne foar de fûgels. De leden ha sneon it fjild yn west en op harren eigen wize ôfskied naam. De lêste ledegearkomste ha se sneontejûn.
Mei ûndersteand berjocht namen de aaisikers fan 'Moarns Ier ôfskied fan harren feriening.