Rienk Rozema wint Sulveren Venus van Milo

30 sep 2017 - 16:57
Foto: World Servants

Rienk Rozema fan De Falom hat sneon yn Eindhoven de Zilveren Venus van Milo wûn. By de ferkiezing fan meast ynspirearjende Nederlanner mei in beheining dy't him of har ynset foar de maatskippij einige Rozema op it twadde plak en wûn dêrmei 5000 euro. Hy sil it jild brûke foar it projekt World Servants Onbeperkt yn Bolivia, dêr't er yn de simmer fan 2018 hinne sil om mei te bouwen oan in skoalle.

De 24-jierrige Rozema krige oardel jier ferlyn in dwerslaesy nei in auto-ûngelok. Flakby syn hûs wykte er út foar in ein op de dyk, ramde in beam en rekke swier ferwûne. Hy skriuwt ek in blog oer it libjen mei in dwerslaesy.

(Advertinsje)
(Advertinsje)