Harkemase Boys wint fan Odin'59

30 sep 2017 - 16:38

Yn de tredde difyzje fan it sneonsfuotbal hat Harkemase Boys wûn fan Odin'59. Op de eigen Bosk waard it 4-2 foar de Harkiten.

Harkemase Boys hie in poerbêste start. Al yn de tredde minút wie it Henny Bouius dy't mei in hurd skot fan bûten de 16 meter de 1-0 op it boerd sette. De Boys drukten troch, en Jesse Renken koe sân minuten letter de 2-0 binnen sjitte. Dêrnei kamen de besikers út Heemskerk wol wat better yn de wedstriid, mar Harkema hie alles ûnder kontrôle. Tsien minuten foar it skoft waard it ek noch 3-0 troch in goal fan Berwout Beimers út in korner fan Johnny de Vries.

Nei it skoft gie de wedstriid folslein op syn kop. Yn in pear minuten tiid koe Odin'59 twa kear skoare. Earst wie it ynfaller Tavares mei de 3-1 en efkes letter makke Hardenberg der 3-2 fan. Dêrnei koe it alle kanten op. Harkemase Boys koe de 4-2 meitsje, mar Henny Bouius rekke de peal en Jens Streutker kopte op de latte. Ek Odin'59 kaam der sa no en dan gefaarlik út. Tsien minuten foar tiid makke Kevin Mennega de 4-2, mar hy stie bûtenspul. Dochs kaam de 4-2 noch op it skoareboerd troch in doelpunt fan Yannick Kaluzi.

Harkemase Boys stiet nei de oerwinning fan sneon sechsde, mei tsien punten út seis wedstriden.

Trefwurden: 
Harkemase Boys fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)