ONS Snits ferliest fan Jong Volendam

30 sep 2017 - 16:32
Foto: Omrop Fryslân

ONS Snits hat sneon mei 3-1 ferlern fan Jong Volendam. Dêrmei bliuwe de fuotballers út Snits ûnderoan stean yn de tredde difyzje.

Jong Volendam kaam al nei alve minuten op in 1-0 foarsprong troch in goal fan Enzo Stroo. ONS krige dêrnei wol wat kânskes fia Prijor, Musliu en Curty Gonzales, mar by it skoft wie it noch hieltyd 1-0 foar de thúsploech.

De twadde helte wie noch gjin minút ûnderweis doe't Ale de Boer de lykmakker foar de Snitsers makke. Spitigernôch koe ONS net lang genietsje fan de nije stân, want wer in minút letter sette Smoorenburg Jong Volendam wer op foarsprong. In healoere foar tiid foel de beslissing, doe't Smoorenburg mei syn twadde der 3-1 fan makke.

Mei ien punt bliuwt ONS ûnderoan stean yn de tredde difyzje.

Trefwurden: 
ONS Snits fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)