Brûns foar Sjinkie Knegt op 1500 meter by WB Boedapest

30 sep 2017 - 15:43
Sjinkie Knegt - Foto: ANP

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea hat by de wrâldbeker yn Boedapest sneon in brûnzen medalje wûn op de 1500 meter. Knegt hie mei noch ien rûntsje te gean de lieding yn de wedstriid, mar seach dat de Koreanen Kim Kyo-jun (goud) en Hwang Dae-heon (sulver) him noch foarby kamen.

Knegt kaam ek yn aksje op de 500 meter. Yn de kwartfinale waard hy útskeakele doe't Dylan Hoogerwerf ientûzenste flugger wie. Letter op sneon komt Knegt noch yn aksje op de ôflossing.

(Advertinsje)
(Advertinsje)