Snitser transportbedriuw bout nij distribúsjesintrum

30 sep 2017 - 15:16
Foto: Hoekstra B.V.

It Snitser transportbedriuw Hoekstra Logistiek lit de kommende moannen in hiel nij distribúsjesintrum bouwe. Mei dit saneamde crossdock fan 27.000 kubike meter kinne 32 frachtweinen tagelyk lade en losse.

It bedriuw wol mei de nijbou ynspylje op it stigend oantal opdrachten. Benammen it oantal opdrachten foar webshops nimt ta. It guod fan dy webshops wurdt opslein by Hoekstra en fan dêr út nei de klanten brocht. Yn de nijbou komt in warehouse wêr't dit guod effisjinter ferwurke wurde kin as no it gefal is.

By it 90 jier âlde famyljebedriuw wurkje 110 minsken. BouwGroepNoord yn Drachten docht de bou, dy't foar april kommend jier klear wêze moat.

Trefwurden: 
Hoekstra Logistiek
(Advertinsje)
(Advertinsje)