Protest op Skiermûntseach tsjin mooglike gasboarringen

30 sep 2017 - 14:15

De Wurkgroep Horizon Skiermûntseach hat sneon as protest in spandoek ophongen by it gemeentehûs. Oanlieding fan it protest is de besite kommende tiisdei fan de direkteur fan it bedriuw Hansa Hydrocarbons. Dat bedriuw soe yn de boaiem fan de Noardsee in grut gasfjild fûn ha, op 20 kilometer ôfstân fan Skiermûntseach. De wurkgroep seit nije gasboarringen net te akseptearjen.

In earder protest fan miljeuklups as de Waadferiening, Natuermonuminten en Urgenda hie as gefolch dat it gaswinbedriuw Engie har fergunning foar gasboarringen ynlevere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)