Skilderijen nei museum Martena
Museum Martena yn Frjentsjer krijt twa portretten fan de Ottema-Kingma Stiftig yn brûklien. It giet om portretten van Jan Willem de Crane en syn dochter Clasina fan Willem Bartel van der Kooi. Jan Willem de Crane wie yn de 18de ieu professor oan de Frjentsjerter Universiteit.
De Crane skreau in boek oer it gebou dêr't it museum ynsit. Syn dochter Clasina wie troud mei in man dy't yn it Martenahûs wenne. Har portret is pas nei har dea skildere.