Weardefolle ynterieurs Súdwest-Fryslân yn kaart brocht

30 sep 2017 - 14:08

In protte minsken binne har net goed bewust fan de weardefolle ynterieurs dy't se mooglik yn harren hûs ha. Spesjaal dêrfoar is de stichting Interieurs in Fryslân oprjochte. Dy hat sûnt 2015 dwaande west mei it ûndersyk nei de ynterieurs yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Dêrby binne 2227 huzen ûndersocht. Wethâlder Mirjam Bakker fan Súdwest-Fryslân hat it ûndersyksrapport fan har gemeente yn it Skipfeartmuseum yn Snits yn ûntfangst naam

De stichting Interieurs in Fryslân wol minsken bewust meitsje fan de kostberens dy't se yn 'e hûs ha. Dat kin gean om bygelyks âlde doarren, in betegele muorre of in bysûndere flier. Arsjitektuerhistoarikus Johan de Haan is ûnder de yndruk fan it tal kostbere fynsten fan Súdwest-Fryslân. "Ik hie net tocht dat der safolle wêze soe en bin benijd wat de rest fan Fryslân te bieden hat." De stichting sil de kommende jierren de rest fan de ynterieurs yn Fryslân yn kaart bringe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)