Fytse en kuierje op nij sneldyktrajekt A7 by De Jouwer

30 sep 2017 - 13:12

Oer twa wiken ride der auto's oer de nije A7 by De Jouwer, mar sneon is it nije trajekt dat de rotonde yn de sneldyk ferfangt it domein fan fytsers en kuierders. Op dy wize kinne omwenners en oare belangstellenden yn 'e kunde komme mei it stik dyk. Deputearre Sietske Poepjes, wethâlder Durk Durksz fan gemeente De Fryske Marren en direkteur Mieke Attema fan Rykswettersteat joegen it startskot foar de fytsers en kuierders.

Rykswettersteat brûkt de dei ek om oandacht te freegjen foar in nije kampanje dy't de feilichheid fan de meiwurkers dy't oan de diken wurkje, ferbetterje moat.

Trefwurden: 
sneldyk rotonde De Jouwer A7
(Advertinsje)
(Advertinsje)