Kaartferkeap Slachtemaraton ferrint sûnder problemen

30 sep 2017 - 11:39

De kaartferkeap foar de Slachtemaraton fan 2018 gie sneontemoarn om 06.00 oere foar elkenien iepen en dat ferrûn sûnder technyske problemen. Ofrûne wike gie de ferkeap fan kaarten foar freonen fan de Slachte hielendal mis. De webside koe de fraach net oan en de ferkeap waard útsteld oant snein. De organisaasje hat maatregels naam om foar te kommen dat it op 'e nij misgie en ferwachtet dat de teller oan de ein fan de dei op 4000 ferkochte kaarten stiet. De organisaasje hopet minimaal 7500 kaarten te ferkeapjen en der is romte foar 10.000 kuierders.

Neffens foarsitter Anne Jochum de Vries fan de Slachtemaraton giet de kaartferkeap wol minder hurd as ferline jier. De opset foar kommend jier is oars: yn twa dagen wurdt der 91 kilometer kuiere. Guon kuierders heakje dêrom ôf, mar neffens De Vries komt der tagelyk in nij publyk op ôf.

Belangstellenden kinne noch it hiele jier kaarten keapje foar de Slachtemaraton.

(advertinsje)
(advertinsje)