Kollum: "Wrâldrekôr ûnderbroeken oandwaan"

30 sep 2017 - 08:49

"Dizze wike wie der grut nijs út Italië. Dêr hat ien in nij wrâldrekôr ûnderbroeken oandwaan delsetten. Nee, bêste Omropharkers, dit is werklik gjin grap. Op it Instagram-account fan de NOS binne de bylden te sjen. Yn in geweldige styl slagget dizze folslein ûnbekende superatleet der yn om yn tritich tellen trettjin ûnderbroeken om it gat te krijen. Doch him dat mar ris nei. Hoewol, wêrom soenen je? Ien is op himsels genôch, as dy smoarch is, kin de folgjende wol wer.

Mar ditsoarte nutteleaze heechstantsjes krije in plakje yn it Guinness Book of Records. Dus jo kinne as wrâldrekorhâlder de boeken yngean troch ûnderguod oan te dwaan. Sadat se jo nea ferjitte sille.

As ik soks hear, dizze briljante Italiaan kaam ik op it spoar troch in gouden tip fan myn jongste dochter, wol ik daliks mear fan datsoarte saken witte. Dus hjir komt in listje mei wrâldrekôrs dy’t jo, ja, jo dêr achter jo sneonsk bakje kofje, miskien wol ferbrekke kinne en sa jo namme foar ivich keppelje kinne oan bygelyks binnen ien minút safolle mooglik fan dy giele post-it briefkes op jo holle te plakken. Dêr stiet op dit stuit ien oan de lieding mei in rekôr fan 58. Gewoan, plak mei in tsjûge der by 60 post-it briefkes op jo holle en jo binne hâlder fan in wrâldrekôr. Even oefenje, sa djoer binne dy dingen net by de Action, grutte kâns dat der in Fries yn slagget om it foarmekoar te boksen.

Mocht dit net jo ding wêze, binne hjir noch wat opsjes. In heale liter wetter drinke binnen de 2.35 sekonden. It is even trochklokke, mar dan binne jo wol yn de prizen. Of safolle mooglik tennisballen op ien hân steapelje. Alles boppe de 26 is in wrâldrekôr. Dat kin ek mei pingpongballen en aaien. Persoanlik soe ik mei de pingpongballen begjinne te oefenjen foardat jo mei farske aaien yn de slach gean. Mochten jo daliks foar de aaien kieze: doch dat yn elts gefal op in seiltsje dat nei de tiid ôfspield wurde kin.

Noch in pear. Drûge crackers ite. Slagget it jo binnen ien minút mear as tsien nei binnen te wurkjen? Dan binne jo ryp foar it Guinness Book. Foar de tige ûnderleine keamerfamkes is dit miskien wol wat om de deistige sleur te trochbrekken: binnen 26 tellen in bêdoertrek om in tekken dwaan. Goed om tinke dat alle fjouwer hoeken kreas te plak sitte, oars folget diskwalifikaasje.

Der bestiet ek in wrâldrekôr mei de noas ballonnen opblaze. Dat liket my net Frysk eigen, want in goede Fries is altyd ferkâlden en dan wurdt sa’n rekôrpoging in freeslike griemerij. Dus dy slaan we oer.

Wol ien dy’t by in echte Stânfries passe soe, is mei syn hurde kop binnen ien minút safolle mooglik houten wc-brillen trochmidden koppe. It moatte mear as 46 wurde. Nei de tiid meie jo wol in aspiryntsje ha.

Sa binne der talleaze saken op te neamen dy’t minsken útfûn ha om yn it Guinness Book of Records te kommen. By in hiele soad dêrfan tink ik dat it oarspronklike idee ûntstien is doe’t se aardich oan it bier sieten dat deselde namme hat as it rekôrboek, mar ik kin it mis ha. Hoe dan ek, mochten jim ynspirearre rekke wêze en jo wolle in nij wrâldrekôr yn de boeken? Meitsje it earst wol even wrâldkundich, want wy wolle der al bylden fan sjen. De komkommertiid kin net lang genôch duorje. Goed wykein!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)