Cambuur hie gjin grip op wedstriid, fynt trainer Dijkhuizen

Trainer Marinus Dijkhuizen fan SC Cambuur wie matich te sprekken oer de prestaasjes fan syn ploech freedtejûn. Yn it thúsduel tsjin RKC Waalwijk, de nûmer ien-nei-lêst fan de Jupiler League, kamen de Ljouwerters net fierder as in teloarstellend 1-1 lyk spul. "We hadden een veel te laag tempo en met name in de tweede helft te veel balverlies. Daardoor kregen we geen grip op de wedstrijd. Er waren te veel jongens niet goed vandaag", sa seit Dijkhuizen.
Foar de Ljouwerters skoarde Issa Kallon. Hy hie de smoar yn dat der net mear yn siet tsjin RKC. "Zij scoren een lullige goal en daar moeten wij weer op reageren. We creëerden nog wel kansen daarna, maar helaas ging de bal er niet in."
Foar Cambuur is it dus útsjen nei de folgjende útwedstriid, nije wike tsjin FC Emmen en bliuwt it noch efkes wachtsjen op de earste thúsoerwinning fan it seizoen. Dochs stiet Dijkhuizen it leafst yn it thússtadion. "Ik speel liever thuis. De supporters waren geweldig en de sfeer was goed, ondanks dat we matig speelden."