Sealfuotbalsters Drachtster Boys winne, Avanti ferliest

Avanti © Avanti
De sealfuotbalsters fan Avanti út Stiens ha freedtejûn de earedifyzjewedstriid ferlern fan KTP Nieuw Roden. It waard 3-1. Nieuw Roden wie de earste helte better en stie binnen tweintich minuten op 3-0. Yn de twadde helte die Si Shut Hau wat werom foar Avanti, mar it ferlies koe net mear keard wurde.
Ek Drachtster Boys spile freedtejûn in wedstriid, tsjin Hovocubo út Zwaag (Noard-Hollân). De koprinners yn de earedifyzje wûnen mei 6-2. Nei in flitsende start kaam Drachten al rap op foarsprong en boude dy út nei in 4-0 rêststân. Yn de twadde helte wie de wedstriid wat mear yn lykwicht, mar de oerwinning fan Drachtster Boys kaam nea yn gefaar. It is de tredde winstpartij foar Drachtster Boys, dat noch net ferlern hat dizze kompetysje.