Froulju SC Hearrenfean pakke punt by FC Twente

© Martin de Jong
De froulju fan Sportklup Hearrenfean ha freedtejûn lykspile yn de earedifyzjewedstriid by koprinner FC Twente. It waard 1-1. It wie krekt Friezinne Sherida Spitse fan Snits iepene de skoare foar FC Twente út in frije traap. Yn de twadde helte makke Dayna Schra de lykmakker foar Hearrenfean.
De wedstriid waard yn de earste helte tydlik stillein fanwegen tonger. Nei tsien minuten koe der wer fierder spile wurde. It duel begûn ek al in oere letter om't de KNVB gjin skiedsrjochter regele hie.