Ferbou Ljouwerter Adelaartsjerke ta soarchkompleks úteinset

29 sep 2017 - 22:39

Yn de Ljouwerter wyk Bilgaard is de earste peal slein foar de ferbouwing fan de Adelaartsjerke. It tsjerkegebou wurdt omboud ta soarchkompleks foar sawol minsken mei psychyske problemen as deminte minsken. Yn totaal sille der 60 bewenners yn it MindUp-kompleks wenje.

45 fan de 60 bewenners ha psychyske problemen. Foar harren is it de yntinsje om yn in pear jier wer selsstannich yn de maatskippij te wenjen. Ek komme der 15 minsken mei demintens yn it soarchkompleks. Ingemarit van der Wal fan MindUp, ûnderdiel fan GGZ Fryslân, hopet dat der in goede yntegraasje ûntstiet tusken beide soart bewenners: "Op die manier worden de voordelen van het met elkaar wonen optimaal benut."

Earder wie der yn de wyk in protte protest tsjin de bou fan it soarchkompleks. Dit kaam, omdat guon minsken huverich wiene foar de komst fan de psychyske pasjinten. Ek soarget de heechbou foar frustraasje omdat it útsjoch foar guon buertbewenners minder wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)