Opskuor om selsmoardspul fan Drachtster húsdokter

29 sep 2017 - 22:20
selsmoard kaartspul - Foto: www.zelfmoordspel.nl

De direkteur fan 'Hulplijn 113 Zelfmoordpreventie' Jan Mokkenstorm fynt it selsmoardspultsje dat de Drachtster húsdokter Wil Witting betocht hielendal neat. ''Het is een macabere gang fan zaken'', seit de psychiater tsjin RTL Nieuws.

Witting betocht it kaartspul just om selsmoard besprekber te meitsjen. Do winst it spultsje as it dy slagget om selsmoard te plegen. Dyn tsjinstanners sette alles op alles om dy tsjin te hâlden. Neffens Mokkenstorm is dat net neffens de rjochtlinen foar it omgean mei persoanen mei selsmoardgefoelens.

Sa tinkt er dat minsken dy't harren tekoart dwaan wolle harren hjirtroch miskien ûnbegrepen, in lêst en selfs delhelle fiele. Ek tinkt er dat it selsmoard miskien wol gewoan lykje lit. ''Als je een spel maakt dat je wint door zelfmoord te plegen, kan dat het normaliseren.''

Witting stiet net sa te sjen fan de krityk, lit er de nijsside witte. Neffens him is in ûnderbúkgefoel de earste reaksje fan elkenien, mar makket it spultsje selsmoard echt net normaal en set it just oan ta goeie diskusje.

Trefwurden: 
selsmoardspul Wil Witting
(Advertinsje)
(Advertinsje)