Lyk spul SC Cambuur tsjin RKC Waalwijk

Sportklup Cambuur moat noch efkes wachtsje op de earste thúsoerwinning fan it seizoen. De Ljouwerters spilen freedtejûn yn it eigen Cambuur Stadion yn in teloarstellend duel gelyk tsjin RKC Waalwijk, de nûmer ien-nei-lêst fan de Jupiler League. It waard 1-1. Foar de Ljouwerters skoarde Issa Kallon.
Rein
Yn de streamende rein kaam Cambuur it sterkst út de startblokken, mar tsjin de ferhâldings yn wie it RKC dat nei 22 minuten op 1-0 kaam troch in goal binnenkant peal fan Johan Voskamp. Utblinker Issa Kallon brocht Cambuur yn de 44e minút op gelikense hichte, troch yn in ien-op-ien situaasje keeper Etienne Vaessen te passearjen. Marvin Peersman krige op slach fan rêst noch in geweldige kâns op de 2-1, mar syn kopbal waard fan de line helle.
Reade kaart
Yn de twadde helte krigen Kevin van Kippersluis en Peersman rap in giele kaart, wylst de rein mei bakken út de himel kaam. Cambuur hie muoite mei it ferdigenjende spul fan RKC en koe dêrtroch mar dreech kânsen kreëarje. Doe't Mohamed Mezghrani yn de 78e minút fan it fjild stjoerd waard mei in reade kaart foar in grouwélige tackle op Justin Mathieu, like Cambuur mear romte te krijen om troch de RKC-definsje te kommen. Cambuur sette alles op alles om de winnende treffer te meitsjen, mar ta in doelpunt kaam it net mear, sadat de 1-1 op it skoareboerd stean bleau.
Cambuur hat no 9 punten út sân duels en stiet dêrmei op it 10e plak yn de Jupiler League.