Webside Slachtemarathon klear foar online ferkeap kaarten

29 sep 2017 - 23:05
In eardere edysje fan de Slachtemaraton, finish yn Raerd - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De webside fan de Slachtemarathon is hielendal klear foar de online kaartferkeap dy't sneon úteinset foar de minsken dy't net freon binne fan de Slachte. Dat seit foarsitter fan de Slachtemaraton Anne Jochum de Vries. Foarige wike sneon gie de ferkeap iepen foar de freonen fan de Slachtemarathon: doe koe de webside fan de organisaasje de fraach net oan en waard de ferkeap útsteld oant snein.

''Wy binne yntusken efter de technyske redenen wêrom't it ôfrûne wike misgie. De server hie net genôch bânbreedte dus moarn wurkje wy fan út in hiele oare server. Dizze kin 10.000 besikers de minút oan, dus dat moat goed komme. Fierder siet der in flaterke yn it skript fan it ynskriuwformulier, dêrtroch waarden persoanen ferwiksele. Dat is der no ek úthelle. Mar dat moat ek, want wy ferwachtsje moarn fansels noch in folle gruttere drokte as ôfrûne sneon, om't der no ek tiidsdruk bysit. De freonen hiene in wike de tiid en alle romte om't er genôch kaartsjes wiene. Mar no reitsje de kaartsjes op fansels en giet it ek om de moaiste starttiden", sa seit De Vries. Der binne yntusken sa'n 2000 kaartsjes ferkocht.

De Slachtemarathon fan 2018 duorret twa dagen, en is yn totaal 91 kilometer. It giet om in ekstra edysje yn it ramt fan Leeuwarden-Fryslân 2018.

(Advertinsje)
(Advertinsje)