Maksimale wurkstraf foar speeddealer út Boalsert

29 sep 2017 - 21:06
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In 30-jierrige speeddealer út Boalsert hat de maksimale wurkstraf krigen fan 240 oeren foar it ferhanneljen fan drugs. Ek krige er in finzenisstraf ûnder betingst fan seis moannen en wurdt er ûnder tafersjoch steld fan de ferslavingssoarch. De man hat goed in jier speed ferhannele, yn de perioade tusken 2013 en 2015.

Trefwurden: 
speed drugsdealer Boalsert
(Advertinsje)
(Advertinsje)