Jouster 2,5 jier de sel yn om ferkrêftsjen 13-jierrich famke

29 sep 2017 - 18:50
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

In 38-jierrige Jouster moat 2,5 jier de sel yn foar it ferkrêftsjen fan in 13-jierrich famke. De Eritrese man kaam it famke op 18 maart dit jier tsjin op strjitte en naam har mei nei syn hûs. Dêr folge in gewelddiedige ferkrêfting. Ek naam de man in foto fan it famke en himsels. De man wie ûnder ynfloed fan drank, mar is neffens de Ljouwerter rjochtbank folslein tarekkenber.

Trefwurden: 
De Jouwer ferkrêfting
(advertinsje)
(advertinsje)