Van Seggeren mooglik oanriden troch in blauwe wein

29 sep 2017 - 18:39

Tjeerd van Seggeren is nei alle gedachten oanriden troch in blauwe wein of in wein mei blauwe ûnderdielen. De plysje is op syk nei tsjûgen dy't de wein sjoen ha. Dat makke plysje Fryslân freedtejûn bekend. Van Seggeren waard begjin july fûn yn in greide by De Westereen neidat er by in pleatslik festival west hie.

Van Seggeren rûn wierskynlik lâns de Lange Reed en hie ôfsprutsen dat er op de krusing fan de Bûterwei mei de Folgelsang oppikt wurde soe. De plysje fokust syn ûndersyk no op it senario dat Van Seggeren op dizze rûte of dêr flakby oanriden is. Der kin noch net sein wurde om wat foar wein it giet.

Ek by EenVandaag gie it freed oer de grutte pyk fan libbensdelikten yn Fryslân. Neffens de plysje is dit tafallich en is der gjin sprake fan in patroan.

Trefwurden: 
Tjeerd van Seggeren
(advertinsje)
(advertinsje)