''Grut tal libbensdelikten yn Fryslân is tafal''

Plysjes by in eardere ferkearskontrôle © ANP
It is tafal dat Fryslân te meitsjen hat mei in grut tal libbensdelikten. Dat seit distriktssjef fan de plysje Fryslân Sylvia te Wierik yn EenVandaag. ''We zien geen patroon of verbanden tussen de zaken.''
Der binne yn Fryslân de ôfrûne trije moannen acht minsken troch in geweldsdelikt om it libben kaam. Wylst it gemiddelde yn Fryslân neffens misdiedferslachjouwer Gerlof Leistra op trije yn it jier leit: ''Ik had acht in één jaar al veel gevonden." Neffens Leistra is de plysje te fluch mei de konklúzje dat it tafal is. Hy siket de oarsaak krekt as strafrjochtadvokaat Wim Anker mear yn de taname fan betize persoanen. Advokatekantoar Anker & Anker kriget de lêste tiid in hiel soad te krijen mei betize persoanen. Neffens Anker wurde se hast in trochferwizer fan dizze persoanen, wylst dat harren taak net is. Dêr makket er him soargen oer. Te Wierik befêstiget dat de plysje yndied faker te krijen hat mei betize minsken.
Plysje Fryslân kriget help fan sa'n 15 oant 20 ekstra resjersjeurs fan oare korpsen út Nederlân: ''Door schaalvergroting van de politieorganisatie kunnen we in Noord-Nederland relatief gemakkelijk schuiven met politiemedewerkers", sa seit Plysje Fryslân op Twitter.