Persoan ferwûne nei ferkearsûngelok yn Ousternijegea
Op de Jetze Veldstrawei yn Ousternijegea is freedtemiddei in persoan ferwûne rekke by in ferkearsûngelok. In fytser dy't de dyk oerstekke woe, waard skept troch in auto. Der kamen twa ambulânsen en in traumahely op it plak fan it ûngelok foar de earste help. It slachtoffer is mei ferwûningen oan de holle nei it sikehûs brocht.