Keninklike ûnderskieding: Okko Jongsma fan Oerterp riddere

29 sep 2017 - 17:38
Ridder Orde Oranje Nassau / ûnderskieding as Ynje-gonger / Member of the British

Okko Jongsma fan Oerterp is freedtemiddei beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Jongsma hat him as direkteur en foarsitter fan de ried fan bestjoer fan Fokus 24 jier lang ynset foar de fyzje en it behâld fan Fokus. Dat is in organisaasje dy't minsken mei in fysike beheining helpt sa selsstannich mooglik te libjen.

Jongsma hat suksesfol in reorganisaasje laat, stelde de finânsjes foar de takomst wis en brocht faak de needsaak fan selsregy ûnder de oandacht fan de polityk. En dat die er neffens belutsenen mei in soad enerzjy, waarmte en belutsenheid. Jongsma krige de ûnderskieding fan boargemaster Ellen van Selm fan gemeente Opsterlân by in gearkomste yn Amersfoort ta eare fan syn ôfskied.

(Advertinsje)
(Advertinsje)