Gemeenteried: ''Bankje oan de Suderkade moat bliuwe''

De gemeenteried fan Frjentsjeradiel is dúdlik: it bankje oan de Suderkade yn Frjentsjer moat bliuwe. It bankje hâldt de polityk yn Frjentsjerteradiel al in pear wiken dwaande. It stiet der al sûnt 1961, mar geregeld is der oerlêst fan jongeren en wurdt it bankje fernield. De plysje hat te min minsken om tsjin de oerlêst op te treden. It kolleezje fan B&W woe it bankje fuort helje, mar in grutte mearderheid yn de gemeenteried hat no in moasje oannaam, om it bankje te behâlden.
Neffens de riedsleden kin it net sa wêze dat in populêre bank fuort helle wurdt, omdat jongeren de boel bedjerre. Omdat der te min plysje is om de feiligens te garandearjen, sil de plysje mooglik mear BOA's (Buitengewoon Opsporingsambtenaren) ynsette moatte.