Knegt en Schulting nei kwartfinale 1.000 meter yn Boedapest

29 sep 2017 - 17:28

De Fryske shorttrackers Sjinkie Knegt en Suzanne Schulting ha harren freedtemiddei op de twadde dei fan de wrâldbekerwedstriden yn Boedapest pleatst foar de kwartfinales op de 1.000 meter. Itzhak de Laat fan Ljouwert kaam noch wol troch de foarronde, mar waard dêrnei yn de searjes útskeakele. De kwartfinales wurde snein riden.

Oflossing

De Nederlânske ôflossingsploegen, mei by de manlju Knegt en Daan Breeuwsma en by de froulju Schulting, ha harren freedtejûn pleatst foar de heale finales. Beide ploegen wûnen sawol harren searje as de kwartfinale. De heale finales wurde sneon riden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)