Deibesteging ZuidOostZorg tenei fergees yn Opsterlân

29 sep 2017 - 17:17
Foto: ANP

Wa't meidwaan wol oan de deibesteging fan ZuidOostZorg yn Oerterp, Beetstersweach of De Gordyk, hoecht dêr tenei neat foar te beteljen en ek is gjin tastimming nedich fan de gemeente. Dat is it gefolch fan in oerienkomst dy't freed tekene is yn de De Lijte yn Oerterp troch wethâlder Wietze Kooistra fan Opsterlân en direkteur Simone Meertens fan ZuidOostZorg. De deibesteging kin bygelyks bestean út it mei-elkoar drinken fan in bakje kofje of it dwaan fan spultsjes. Yn Smellingerlân en Dongeradiel moat dêr noch foar betelle wurde, yn Opsterlân sûnt freed (dus) net mear.

Opsterlân fynt it belangryk dat de ynwenners sûnder yngewikkelde formulieren en kosten meidwaan kinne en sa kontakten lizze mei oaren en oan har sûnens wurkje kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)