Winterrêst keart fan snein ôf werom yn wettergebieten

29 sep 2017 - 16:53
De Alde Feanen - Foto: Omrop Fryslân, Ilse Hermanides

Fan snein ôf is der wer winterrêst yn parten fan de Alde Feanen, de Snitsermar, de Wite en Swarte Brekken, de Aldegeaster Brekken en de Fluezen. Elkenien dy't it wetter opgiet wurdt frege net yn dizze gebieten te farren. Oant 'e mei 1 april wurdt der mei giele boeien oanjûn wêr't de winterrêstgebieten foar wetterfûgels binne: dy lizze lâns ûndjippe rânen fan marren, dêr't wetterfûgels it leafst binne.

De rêst is nedich foar de fûgels om oan te sterkjen foar de trek nei waarme oarden. De soalen bliuwe wol gewoan iepen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)