Plysje slút ûndersyk nei deade frou Frjentsjer

29 sep 2017 - 16:11
Foto: CAMJO Media

De plysje slút it ûndersyk nei de dea fan in 31-jierrige frou út Frjentsjer ôf, sa is freedtemiddei bekend makke. Tongersdei waard it lichem fan de 30-jierrige man fan de frou fûn, yn in sleat by de Edisonstrjitte yn Frjentsjer. Der is gjin inkelde oanwizing fûn dat hysels ek troch in misdriuw om it libben kaam is. It lichem is dan ek frijjûn. De man wie de iennige fertochte yn de saak. Der binne gjin oanwizingen dat der noch oaren by belutsen wiene.

De frou waard op 12 septimber fûn yn har hûs oan de Jan Reitsmastrjitte. Dêrnei folge in wiidweidich ûndersyk yn de buert. Al gau waard de man fertocht fan belutsenheid, mar wêr't hy wie, wie yn earste ynstânsje net dúdlik. Der folge in burgernetmelding en in syktocht mei in helikopter en ek de dagen dêrnei waard der in pear kear socht, nei oanlieding fan tips.

(Advertinsje)
(Advertinsje)