Kondoom, pil of spiraal? Fyn it út yn de antykonsepsjecamper

29 sep 2017 - 15:58

Foarljochting oer antykonsepsje is yn Nederlân noch altyd nedich. Dat is de opfetting fan Your Life, in ynternasjonaal inisjatyf dat him rjochtet op de seksuele sûnens fan jongeren. Jierliks binne der yn Nederlân sa'n 31.000 net-winske swangerskippen en dat tal moat nei ûnderen, sa seit Sandra Kroeze fan Your Life. Kroeze wie mei de antykonsepsjecamper op de campus fan de NHL om fragen fan studinten op it mêd fan antykonsepsje te beäntwurdzjen. Neffens Kroeze is it opfallend dat jongeren bûten de rânestêd iepener binne oer seks as yn de rânestêd. "In Amsterdam werd er wat lacherig gedaan, terwijl er in Maastricht, Enschede en hier in Leeuwarden veel serieuzer en opener over gepraat wordt".

Yn de camper is ek in lytse tentoanstelling oer de skiednis fan de antykonsepsje ynrjochte. Bûten de camper stiet in fertikaal bêd, sadat besikers op in ludike wize mei freonen it bêd diele kinne. Neffens de organisatoaren ha behoarlik wat studinten in besite brocht oan de camper. 

(advertinsje)
(advertinsje)