Schaars: ''Heerenveen niet favoriet tegen Ajax''

29 sep 2017 - 15:30

Sportklup Hearrenfean is snein net de favoryt yn de wedstriid tsjin Ajax. Dat seit oanfierder Stijn Schaars. Hearrenfean, de nûmer twa, nimt it snein op tsjin de nûmer sân Ajax. "Wij hebben nog steeds veel respect voor Ajax. Ze hebben nog steeds goeie spelers hoor. Ondanks hun slechte start." Hearrenfean hat fierder in fitte seleksje. Allinnich keeper Warner Hahn is langer útskeakele. De ferwachting is dat trainer Jurgen Streppel gjin feroarings tapast.

''Hearrenfean is stabiler wurden''

Trainer Jurgen Streppel is foaral bliid dat syn ploech stabiler is. "Daar lijkt het wel op ja. We komen terug van een achterstand, maken minder fouten en blijven goed spelen. Het is wel heel broos, maar op dit moment moeten we er vooral van genieten."

Opstelling: Hansen, Dumfries, Høegh, Pierie, Woudenberg, Schaars, Kobayashi, Thorsby, Ødegaard, Reza en Zeneli.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal Ajax
(Advertinsje)
(Advertinsje)