Trekker fljocht yn 'e brân yn Holwert

29 sep 2017 - 15:18

Oan de Miedwei yn Holwert is freedtemiddei in trekker folslein útbrând. Krekt bûten de stâl fleach de trekker yn 'e brân. De boer hat sels noch besocht om de brân te blussen, mar slagge dêr net yn. De kij wiene bûten, en ha gjin oerlêst hân fan de brân.

De brânwachtkorpsen fan Ferwert en Dokkum koene net foarkomme dat de trekker hielendal ferlern gong. Wol koe foarkommen wurde dat it fjoer oersloech nei de stâl.

Trefwurden: 
trekker Holwert brân boer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)