Fertochte (14) fan drama Ketlik bekent moard op âlden

29 sep 2017 - 14:44

De 14-jierrige soan fan Margreet Andriol en har man Jos Verdonk, dy't tiisdeitemoarn dea fûn waarden yn in pleats oan de Schoterlandseweg yn Ketlik, hat bekend dat hy syn âlden om it libben brocht hat mei in mes. Dat hat it Iepenbier Ministearje freedtemiddei bekend makke. De beheiningen binne opheft. Dat betsjut dat hy besite ûntfange kin en dat famylje mei him prate mei. Lykas gebrûklik by minderjierrige fertochten wurdt hy oerbrocht nei in justisjele jeugdynrjochting. It Iepenbier Ministearje is fanwegen de leeftiid fan de fertochte fierder hiel weromhâldend mei it jaan fan ynformaasje. De privacy fan de fertochte weaget neffens justysje swierder as it belang fan de maatskippij om te witten wat der bard is.

De neibesteanden wurde troch famyljeresjerzjeurs op de hichte brocht. As it ûndersyk yn dizze saak klear is, sil de saak yn prinsipe efter sletten doarren behannele wurde. De ferwachting is dat de behanneling begjin takom jier plak fine sil. De soan waard tiisdeitejûn oanhâlden en sit sûnt dy tiid yn foararrest. Ofrûne wike waard spoare-ûndersyk dien yn it hûs yn Ketlik. De 14-jierrige soan is de jongste fan trije bern fan it pear.

Trefwurden: 
Ketlik plysje fertochte misdie
(advertinsje)
(advertinsje)