Fragen fan reizgers Arriva kinne tenei ek fia WhatsApp

29 sep 2017 - 14:07
Foto: Omrop Fryslân

Bus- en treinreizgers yn Fryslân en Grinslân kinne fan moandei ôf fia WhatsApp yn kontakt komme mei in meiwurker fan Arriva. It giet om in proef fan in moanne. Reizgers kinne sa har fragen oer it bus- en treinferfier stelle oan ien fan it webcareteam fan Arriva. Dizze meiwurkers helpe klanten no ek al fia Facebook en Twitter.

Op moandei oant en mei freed binne se berikber fan seis oere moarns oant alve oere jûns en yn it wykein en op feestdagen fan sân oere moarns oant alve oere jûns.

Trefwurden: 
Arriva reizgje WhatsApp ferfier
(Advertinsje)
(Advertinsje)