Gasfjild boppe Skiermûntseach: ''Moai sitte litte''

29 sep 2017 - 12:56

Boppe Skiermûntseach is in grut gasfjild oantroffen. It soe gean om it grutste fjild dat de lêste 25 jier fûn is. Mar moatte je dat gas no winne, wylst wy krekt dwaande binne om op duorsume enerzjy oer te skeakeljen? In dilemma dat op de Ljouwerter freedsmerk alle mooglike reaksjes oprôp. "Moai lizze litte, we moatte de oare kant op. As it net oars kin, helje we it der letter noch wol wei." Oaren stelden: "Gas is goud wurdich! Gau winne dus en net ferkeapje oan de Dútsers, mar sels opbrûke!" En: "As de boaiem dêr wat sakket, wat jout dat? Der sit allinnich mar wetter boppe!" Der waard lykwols ek twivele: "Ik ha eins altyd wol in miening, mar hjir oer net. Ik wit it echt net!".

Yn ûnferfalske Ljouwerters kaam miskien wol de meast útsprutsen oprop: "We mutte oek denke an ônze kleinkynders. Se denke dêr alleen mar an it groate geld, dy klouwers! Wy wurde dêr gyn draad beter fan, heur!"

(advertinsje)