Fytser komt ûnder frachtwein yn Drachten

29 sep 2017 - 12:44
Foto: Srfotografie

By De Meer yn Drachten is freedtemiddei in fytser ûnder in frachtwein terjochte kaam. It slachtoffer is ynderhaast oerbrocht nei it sikehûs. Hoe't it mei de fytser giet is noch net dúdlik, ek de oarsaak fan it ûngelok is ûnbekend.

It ûngelok barde op de krusing fan De Meer mei De Frisia. Mei help fan de brânwacht is it slachtoffer ûnder de frachtwein weihelle. Der wurdt ûndersyk dien nei de krekte tadracht fan it ûngelok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)