Grinzer basketballers spylje Champions League yn Ljouwert

De Grinzers basketballers fan Donar spylje freedtejûn Champions League basketbal yn Ljouwert. De hal dêr't se gewoanwei spylje is beset. Dêrom ferhúzje se foar ien kear fan it Martiniplaza nei sporthal It Kealledykje. Fan 3.000 taskôgers nei net mear as 1.250. En dêrmei sit de seal ek grôtfol. Der binne noch in pear kaarten te keap. Donar is de kampioen fan Nederlân, Estudiantes út Madrid de nûmer alve fan Spanje, mar basketbal is grut yn Súd-Europeeske lannen.
Estudiantes hat in begrutting fan njoggen miljoen euro en hat sadwaande miljonêrs op it fjild stean. En dy miljonêrs komme dus fan in stadion mei 15.000 taskôgers nei It Kealledykje. Foar de trainer fan Donar gjin probleem. Erik Braal wie fan 2011 oant 2013 trainer fan Aris en keart dus no werom op bekend terrein.