Plysje arrestearret drugsdealer op Cambuurplein

© ANP
De Ljouwerter plysje hat tongersdei in 29-jierrige Ljouwerter oppakt op it Cambuurplein op fertinking fan it dealen yn drugs. Yn de wente fan de man fûn de plysje heroïne, cocaïne en in bulte pillen. De plysje is noch oan it ûndersykjen wat der krekt yn dy pillen sit. Ek naam de plysje 2500 euro oan kontanten yn beslach en in wapen mei munysje. De man is foar neier ûndersyk ynsletten.

De plysje wie mei de aksje begûn nei oanlieding fan ferskate klachten oer drugsoerlêst by de wykagint.